Nynke Beetstra, partijfoarsitter
Reaksje? Mail taalwurkfryslanhetnet.nl
De wrâld stiet op dit stuit op mear as ien plak soms letterlik yn 'e brân. De Arabyske maitiid, de ekonomyske krisis, hongersneed en de klimaatferoaring binne ûnderwerpen dy't hast alle dagen yn it nijs binne. Foar de measte fan dy saken soe in oplossing fûn wurde kinne, as elk fan goede wil wie en it finen fan in oplossing it iennichste doel wie. Spitigernôch is dat net it gefal. Macht en jild, dêr draait it benammen om. Sokke wrâldproblemen kinne wy fierder neat oan dwaan. We sjogge dernei, we hawwe it deroer en soms fiele we it, bygelyks as de reinbuien wat ekstremer wurde, de besunigings ús reitsje en de huzeprizen sakje.
Foar ynfloed moatte we it tichter by hûs sykje. Demokrasy betsjut letterlik: it folk regeart. By ús ferrint dat fia ferkiezings op trije nivo's: lanlik, provinsjaal en gemeentlik. Yn 1848 waard yn de Grûnwet fêstlein dat der op 45.000 ynwenners ien Twadde Keamerlid wêze moast. As dat útgongspunt fêstholden wie, soe de Twadde Keamer no 370 leden telle. It binne sûnt 1956 150. Doe telde Nederlân 11 miljoen ynwenners. No binne dat 16,7 miljoen en is der op elke 110.000 ynwenners ien ôffurdige. Nederlân hat relatyf sjoen it lytste parlemint fan de EU. It kabinet Rutte wol it parlemint no ek noch in tredde lytser meitsje, de Twadde Keamer fan 150 nei 100 leden en de Earste Keamer fan 75 nei 50.
By gemeentlike weryndieling sjogge we itselde fenomeen as it giet om de fertsjintwurdiging fan de ynwenners. Doe't Boalsert, Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel en Nijefurd noch selsstannich wiene, hiene se meielkoar 83 riedsleden, 14 wethâlders en 5 boargemasters. By de goed 82.500 ynwenners wie dat 1 riedslid op 994 ynwenners en 1 wethâlder op 5894 ynwenners. It tal ynwenners yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân is fansels gelyk bleaun, mar dy moatte it no dwaan mei 37 riedsleden en 5 wethâlders. Dat betsjut dus yn de nije konstellaasje 1 riedslid op 2230 ynwenners en 1 wethâlder op 16.500 ynwenners. It folk regeart dus hieltyd minder, want troch dy skaalfergrutting komme ús keazen fertsjintwurdigers hieltyd fierder fan ús ôf te stean.
De kommende tiid sil tusken gemeenten en provinsje en tusken gemeenten ûnderling wer folop fierder praat wurde oer weryndielingen. Yn de nije rjochtline foar weryndielingen dy't minister Donner fan 't simmer presintearre hat, stiet ûnder mear: Te fuseren gemeenten worden gedwongen voortaan hun burgers te raadplegen. Er moet een representatief onderzoek onder inwoners en maatschappelijke organisaties worden gehouden. Daarvan moet in een logboek in het fusievoorstel verslag worden gedaan. In doekje foar 't blieden of dochs wer in bytsje mear demokrasy?
Nynke Beetstra
Foarsitter FNP
Dit artikel stiet yn de Frijbûtser 411 fan septimber 2011 en yn de Te Gast yn de Ljouwerter Krante fan 19 septimber 2011