![]() Skoft by de ledegearkomste yn Sint Nyk |
De goed 30 oanwêzige leden krigen fan Annigje Toering, foarsitster fan de Provinsjale Steatefraksje, in moaie útlis oer de gong fan saken foar en nei de Provinsjale Steateferkiezing fan dit jier. Fierder stie op de wurklist de plenning foar de FNP yn it ramt fan de gemeentlike fúzje. By it punt Bestjoersferkiezing waard ôfskie nommen fan Jan Hettinga dy't de ôfrûne perioade tydlik it bestjoer fersterke hie. Jan hat mei al syn ûnderfining in soad dien en betsjutte kint foar ús ôfdieling; wy binne dêr dan ek tige tankber foar!
![]() Olrik Bouma fan 'e Jouwer |
De nije kandidaat foar de bestjoersfunksje wie Olrik Bouma (25 jier) fan 'e Jouwer. Olrik hat al in skoftke as skaadfraksjelid mei draait yn 'e fraksjegearkomsten, mar joech al gau oan dat hy mear fielde foar in bestjoerlike as in politike rol. Olrik hat in stúdzje Rjochten efter de rêch en is no op syk nei wurk. Op de ledegearkomste is hy sûnder beswieren oannaam as nij bestjoerslid. Wy winskje Olrik in soad sukses ta mei syn bestjoerswurk!