NIJS   05-03-2011


Annigje Toering: ‘Grutsk op Fryslân en de FNP'

Listlûker Annigje Toering is grutsk op Fryslân en de FNP. Dat seit se yn in skriuwen oan alle FNP kiezers. It boadskip fan Annigje stiet hjirûnder.

Annigje Toering

 

'Wy hawwe ús as FNP steande holden yn it lanlike geweld. Wy bliuwe de 4e partij yn Fryslân en de grutste regionale partij fan Nederlân.'

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail toeringsis.fryslan.nl

 

"Oan alle FNP'ers, oan ús kiezers,

 

Ik bin grutsk op wat wy as partij wer sjen litten hawwe, dizze kampanje. Safolle frijwilligers, safolle minsken dy't har ynsette foar it Fryske ideaal... Gjin oare partij dy ús dat nei docht. Wy hawwe ús dêrtroch as FNP steande holden yn it lanlike geweld. Wy bliuwe de 4e partij yn Fryslân en de grutste regionale partij fan Nederlân.

 

Tagelyk moatte wy fêststelle dat dizze ferkiezings bot ûnder ynfloed stiene fan de lanlike polityk. Dat de lanlike partijen der lanlike ferkiezings fan makke hawwe, is de reden dat in soad minsken strategysk en lanlik stimd hawwe. It feit dat Rutte, Wilders en Pechtold mar mei de eagen knipperje hoege om yn de krante en op tv te kommen, hat in grut neidiel foar ús west.

 

Mar it hat ús ek wat posityfs opsmiten: wy binne ûntdutsen troch de lannelike media. De FNP hat sjen litten wêr ‘t de partij sterk yn is. Ticht by de minsken. Yn 7 gemeenten hawwe wy winst boekt. Us jongerein is dúdlik yn byld kommen. En wy binne de fjirde partij fan Fryslân bleaun!

 

De 4 sitten dy't wy no yn de Steaten krije, sille wy brûke om noch mear foar Fryslân en de Friezen te beskreppen.  

Ik bliuw grutsk op Fryslân en de FNP.

 

Annigje Toering"

 

 

De offisjele útslach fan de ferkiezings

De definitive útslach fan de ferkiezings fan 2 maart is freed 4 maart fêststeld troch it sintraal stimburo yn Ljouwert.

 

Klik hjir foar de Offisjele útslach fan de PS ferkiezings op 2 maart 2011

Klik hjir foar it Parseberjocht fan de Provinsje oer de útslach

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer