Wa bin ik?
Ik bin Chris van Hes, 18 jier, wenje yn Sint Jânsgea en studearje oan de PABO. Yn it deistich libben wurkje ik sneons yn in kroech op 'e Jouwer, mei ik graach fuotbalje en hâld ik my dwaande mei polityk: sa bin ik sûnt april 2010 skriuwer fan de FNP fraksje Skarsterlân en folgje ek de provinsjale polityk.
Wêr gean & stean ik foar?
Mei myn 18 jier bin ik noch net de âldste yn de polityk. Ik bin noch jong, frij fan tinken, noch net yn âlde gewoanten fêst sliten en tink fan dizze tiid. Dit wol ik brûke. De wrâld is yn 20 jier tiid bot feroare, en âlde gebrûken binne faaks net mear like effisjint. Dêrom moat de polityk ek iepen stean foar nije ideeën en ynbring. Mei oare wurden kinst sizze dat de polityk wat ferjonge wurde kin. In soad jongeren hawwe goeie plannen en ideeën oer hoe it oars moat of kin. Dêr wurdt spitigernôch net altyd nei harke. Jongerein wol bygelyks OV foar alle studinten (ek MBO), better iepenbier ferfier, neat feroarje oan útgeanstiden, mar boppe alles; dúdlike taal! Jongerein hat krekt like goed as eltsenien ek rjocht fan sprekken, en dêr moat dan ek nei harke wurde! Foar jongerein wol ik in stim foarmje, en sa ek de ideeën ta útfiering bringe. De FNP is de partij dy oanslút op dizze winsk.
Dêrneist wurdt Europa tsjintwurdich 1 grutte woarst. Alles moat safolle mooglik 1 wurde. Tink oan 1 betelmiddel (Euro), tink oan in grutter wurdende EU, ensfh. Je kinne sizze dat yn it hieltyd grutter wurdende Europa de regio’s (lykas Fryslân) wichtiger wurde. It grutter wurden fan Europa hat syn foar en syn tsjin. Foardielen binne der in soad, mar ek neidielen. Ien fan dy neidielen, en fuort ek de wichtichste, is dat wy ús ‘eigen’ gefoel ferlieze. Wy Friezen moatte ek opgean yn it grutte gehiel. Dat moat fansels net barre. De Friezen binne altyd wiis west op harren selsstannigens en dat moat sa bliuwe. Dêrfoar moatte wy ‘out-of-the-box’ tinke. Net krampeftich oan de taal fêsthingje, mar it ek yn oare dingen sykje. Want dizze dingen meitsje it ferskil. Nim bygelyks “it Fryske gefoel”, Frysk yn it ûnderwiis, ensfh. Dit dogge wy mei ús allen. Wy moatte Fryslân yn in grut wrâld ferrin sjen.
Ta ein fan beslút gean ik foar it ferlytsjen fan de ôfstân tusken minske en polityk. As ik mannen lykas Rutte/Cohen/Verhagen op televyzje sjoch, dan sprekt my dat net oan. It stiet te fier fan my ôf. Krekt lykas provinsjale en sels gemeentlike polityk ek in fier-fan-myn-bêd ferhaal is foar in soad minsken. Mar just nearne oars kinne dy minsken safolle ynfloed útoefenje as op dizze polityk. Ik bin in soad tusken de minsken en wol sa de polityk ek tichter by de minsken bringe. Neist dat ik foaral in oansprekpunt foar jongerein foarmje wol, stean ik krekt like goed iepen foar oare minsken!
Nêst dizze persoanlike kearnpunten hat de FNP ek 7 kearnwearden wêr’t ik my foar 100% foar ynsette sil. Demokrasy: de FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer. Federalisme: de FNP stiet in steatsynrjochting foar dy’t minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân. Ynternasjonalisme: de FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgings steane dêrby sintraal. Taal en kultuer: taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr’t ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildtsk en it Stellingwarfsk. Undernimmerssin: De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerssin de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen. Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean. Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy’t in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.
Dêrneist is it “fuortbestean fan Fryslân” troch de FNP sels as ferkiezingstema beneamd. Ik bin fansels foar it fuortbestean fan Fryslân. Wy kinne ús skoan rêde mei de middels dy’t wy hawwe.
De ferkiezings binne kommende woansdei 2 maart, en ik sjoch der nei út!
Chris van Hes.
Frysk, fernijend en berikber!
chris.vanhesfnp-skarsterlan.nl