Om dy bân en it mienskiplik belang oan te jaan neame wy hjir ek de fjouwer persoanen út Skarsterlân dy’t op de list steane:
Plak 16:![]() Frans Koning Aldehaske |
Plak 21:![]() Chris van Hes Sint Jânsgea |
Plak 29:![]() Wilco Kuipers Skarsterbrêge |
Plak 38:![]() Hendrik Boonstra Sint Nyk |
Mei Annigje Toering fan Mantgum kiest de FNP foar in sterke frou en in betroubere politika mei in soad ûnderfining. Se sit sûnt 2003 yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân en is troch dy Steaten keazen as twadde foarsitter nei de kommissaris. Se hat har de lêste pear jier troch in slimme sykte hinne slein, mar nimt no mei ekstra moed dizze taak op har. Se kin mei har binende en praktyske politike ynstelling in sprekker wêze dy't drege saken begryplik meitsje kin.
Johannes Kramer fan Sybrandabuorren wie de lêste twa ferkiezings as listlûker en fraksjefoarsitter it gesicht fan de FNP. As de FNP in goede útslach hellet, rekkenje wy der op dat de FNP dizze kear wol yn it Kolleezje fan Deputearre Steaten komt (it deistich bestjoer fan de provinsje). En Johannes Kramer is dan de poer geskikte FNP kandidaat. Soe de FNP, om wat fan reden dan ek, net yn Deputearre Steaten komme, dan sil Kramer him likegoed graach op alle fronten ynsette yn de nije fraksje, want “it wurk is noch net ôf”. Johannes wurket as direkteur/gemeente sekretaris by de gemeente Menameradiel.
Ten Hoeve sit no yn de Earste Keamer foar de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF). De OSF is de gearwurking fan sa’n 15 ûnôfhinklike provinsjale politike partijen. De FNP is royaal de grutste fan dy klup en koe dêrtroch de kandidaat leverje. By in goede útslach op 2 maart is de kâns hiel grut dat Hendrik ten Hoeve syn wurk trochsette kin.