It doel fan de jûn wie om de kollektive ûnmacht om te draaien nei kollektive kracht. Yn elk gefal om der in oanset ta te jaan. En om op te hâlden nei elkoar te wizen en in oar de skuld te jaan. It wie in ynspirearjende jûn mei jonge boeren dy't optimistysk har eigen paad sykje en fine. Oaren dy't har frustraasje uterje, krekt sa as Van der Velde dien hat.
En nee, net alle boeren hoege biologysk te buorkjen. Dwaan wat by jo past is it foarnaamste. Foar ús allegear leit der in taak: boeren, boargers/konsuminten, banken, molkfabriken, tuskenhannel, supermerken. Tink oan de goede produkten keapje, mear greidegong, gjin ferplichte dongynjeksje mear, fleksibel omgean (kinne) mei regels, elkoar oansprekke op ‘ongewenst gedrag'. Mar foaral ek mei elkoar yn petear gean en sjen wêr't je wat foar elkoar betsjutte kinne.
Oan de ein fan de jûn spruts ien de hoop út dat der oare jier al feroaringen sichtber binne yn it fjild. Wy binne der lykwols noch lang net, mar hooplik is dit in stapke yn de goede rjochting. It debat giet wol troch, safolle is wol dúdlik.
Ofbylding: Ljouwerter Krante