NIJS   17-01-2018


Inisjatyfútstel FNP: fûgelfreonlike maatregels yn de Fryske Marren

De FNP-fraksje De Fryske Marren tsjinnet in Inisjatyfútstel stêdsfûgels yn, earst foar behanneling yn de kommisje Romte fan 17 jannewaris en letter yn de ried. De fraksje wol mei dit inisjatyf berikke dat der foar saneamde stêdsfûgels in better leefmiljeu ûntstiet.

undefined

Troch fierder geande ‘ferstienning’ hawwe de fûgels it dreech om harren steande te hâlden en foar neiteam te soargjen. Mei ‘stêdsfûgels’ wurde de fûgels yn de beboude omjouwing bedoeld. Mear omtinken foar grien lyk as hagen en strûken sil de leefomjouwing fan de húsmosk (huismus) befoarderje. Foar de toerswel (gierzwaluw) is it dreech om yn de moderne, isolearre hûzen in plakje te finen wêr’t hja nestelje kinne.

 
De wyk Wyldehoarne op ‘e Jouwer is yn it ferline al ‘ fûgelfreonlik’ makke en de FNP-fraksje stelt foar dit as belied oer de hiele gemeente út te rôljen Sa wiene de bewenners yn Wyldehoarne ferplichte trije nêstkastkes yn harren gevels te ferwurkjen en krigen hja it lidmaatskip fan de fûgelbeskerming.

 
De gemeente soe dit neffens de fraksje aktyf ûnder de oandacht bringe moatte by fergunning oanfragen. Ek by gemeentlike gebouwen moat hjir neidrukkelik oandacht foar wêze, sawol by nijbou as renovaasje . Fierder kin it iepenbier grien safolle mooglik fûgelfreonlik makke wurde troch ûnder oaren bei- en fruitbeammen te plantsjen.

 
De measte maatregels kinne ienfâldich en relatyf goedkeap tapast wurde en meinommen wurde yn it reguliere belied. Op oare plakken yn Nederlân wêr’t it belied tapast wurdt lit sjen dat soks fertuten docht.

 
Der wurdt oan de ried útsteld in bedrach fan € 2.500,- beskikber te stellen foar promoasje en foarljochting. Op 31 jannewaris komt it inisjiatyfútstel yn de ried.

 
Foar fragen oer it útstel:
Gerda de Vries – Suierveld, 06-13418147
 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer