Ofrûne freed is de FNP fraksje op besite west by fuotbalferiening Renado yn Sint Nyk. Dizze fuotbalklup bestiet kommend jier 80 jier, in fuotbalklup mei histoarje. Us fraksje hat hjiroer it folgjende ynbrocht yn de riedsgearkomste fan woansdei 29 novimber.
Yn it ferline is in bysûndere sitewaasje ûntstean: der wie foarnimmen om tegearre mei VVI (Voetbal Vereniging Idskenhuizen) in mienskiplik sportpark yn gebrûk te nimmen. Dêrom is de folsleine jeugd fanôf seizoen 2009/2010 by-inoar kaam as jeugdfuotbalferiening vv RVC (Renado-VVI-Combinatie). It kommen ta in mienskiplike sportpark is noch hieltyd net yn gong setten, trochdat VVI him foarearst werom lutsen hat. Dit is al wiidweidich besprutsen yn maaie 2015, mei de behanneling fan de notysje knelpunten sportakkomodaasjes "Mééér dan accomoderen" yn de ried. Dêrom sil it needsaaklike upwurdearjen fan de akkomodaasje fan Renado grutendiels êfter bleaun wêze.
Fansels hat regulier ûnderhâld oan de klaaiboksen wol plakfûn mar gjin grutte ferbouwingen. De klaairomtes binne yn eigendom fan de gemeente en der wurdt ek in bedrach foar ûnderhald foar reservearre. De klup hat sels al wol oare ynfestearringen dien; bygelyks it nei de tiid bringen fan de kantine en bestjoersromte. De grutste fraach fan Renado is 'wêr binne wy oan ta?'. De klup soe graach dúdlikheid wolle no't it mienskiplike sportpark foarearst net trochgiet.
Wy binne mei it bestjoer troch de klaairomtes west. De noed is heech: yn de klaaiboksen lisse tegeltsjes fan 70 jier âld, it elektra en leidingwurk is net yn de muorre ferwurke, de romtes binne min isolearre en foarsjoen fan inkeld glês. Dêrby binne de kezynen op ferskate plakken folslein ferrotte.
Us fragen oan it kolleezje binne dêrom:
1. Is it Kolleezje op de hichte fan de sitewaasje by vv Renado?
2. Is de gemeente ree om mei de fuotbalklup yn petear te gean om in oplossing te finen oer harren sitewaasje? Te tinken falt dan oan grut ûnderhald op koarte termyn, as it ôfstjitten fan de klaairomtes troch de gemeente en oer te dragen oan de klup.
3. Nei oanlieding fan de notysje "mééér dan accomoderen" op 'e nij te sjen wat de takomst fan dizze feriening is no it mienskiplike sportpark net trochgien is. Bliuwt de klup op dizze lokaasje of net? Fuotbalferiening Renado wol graach dúdlikheid hjiroer.