NIJS   08-07-2017


FNP DFM kiest foar lytse projekten by Kadernota 2017

Yn Bakhuzen it opwurdearjen fan de Hollewei / Gaastwei en yn Balk in kuierstrook lâns it Tsjamkedykje om de ferkearsfeiligens foar de eigen ynwenners en toeristen te fergrutsjen.

De ferkearsfeiligens stiet by ús heech yn it findel, dêrneist is it befoarderjen fan rekreaasje en toerisme fan grut belang! Wy fine dat de lytse kearnen har oandacht krije moatte en it wengenot oantreklik bliuwe moat. Dêrom hat de FNP by it goedkarren fan de Kadernota 2017 foar ûnder oaren boppesteande projekten jild beskikber steld.

 

Mei freonlike groetnis,
Jeltsje Piersma



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer