NIJS   24-03-2017


Fragen oan Kolleezje oer prestaasje-ôfspraken foar wenningen jongerein

Yn de ôfrûne perioade binne sinjalen by de FNP-fraksje binnen kaam dat jongeren dreech in betelbere hierwenning krije kinne, foaral yn de gruttere kearnen fan ús gemeente.

De fraksje wol fan it Kolleezje witte oft dizze lûden ek by har bekend binne. De fraksje soe graach wolle dat der spesifike ôfspraken oangeande de jongerein yn de prestaasje ôfspraken mei de wenningkorporaasjes opnaam wurde.

 

It Kolleezje skriuwt yn it ‘Strategysk ôfwagingskader Wentebou 2016-2026' dat minsken graach yn de buert fan foarsjenningen wenje wolle en dêrom yn de grutte(re) kearnen in wenning sykje. Neffens wurdfierder Chris van Hes is it tige wichtich foar in lykwichtige leeftiidsopbou om ek jongeren in mooglikheid te bieden foar in betelbere hierwenning yn dizze kearnen.

 

Wat de FNP oanlanget, soene wy ek 'out-of-the-box' tinke wolle. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurde semy-permaninte wenten delset en opnaam yn de wentefoarrie fan de korporaasjes. Soksoarte foarbylden binne alom te finen en it ûndersykjen wurdich.

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer