NIJS   19-02-2017


Fragen oan it kolleezje oer nijbou stâlen en weinloads oan de Delbuursterwei yn Sondel

Der hat it ien en oar te dwaan west oer de bou en fergunning-oanfraach fan nije (hinne)stâlen yn Sondel.

Dat wie foar de FNP fraksje oanlieding om op besite te gean yn Sondel. Sawol by dyjinge dy't de fergunning oanfreget as by minsken dy't beswieren yntsjinne hawwe en sizze der lêst fan te ûnderfinen. De besite rôp in oantal fragen by ús op oer de fergunning-oanfraach en oer de lânskiplike aspekten. En dy fragen ha wy foarlein oan it kolleezje. Ynkoarten sille wy wol antwurd krije op dizze fragen. De fragen binne hjirûnder del te heljen.



Downloads:
2017-01-19 fragen FNP dfm oan kolleezje - plomfeehalderij sondel (pdf)


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer