NIJS 15-02-2017
Iepen fraksjejûn FNP yn Eastersee: 20 febrewaris
Op moandeitejûn 20 febrewaris hâldt de FNP-fraksje in iepen fraksjejûn yn it kafee Tjeukemeer yn Eastersee.
De fraksje wol har graach op de hichte stelle fan de punten dy’t foar de ynwenners fan Eastersee en omstreken fan belang binne. Pleatslik Belang, de ûndernimmersferieningen en fertsjintwurdigers fan sport en de skoallen hawwe wy benadere om punten oan te dragen.
Underwerpen dy’t wis oan bod komme sille binne:
- De Wykskouw foar it doarp
- Sportfjilden en it ûnderhâld dêrfan
- Wenningbou
- Restauraasje gemaal
- Tagongsdyk en skulpepaad Tsjûkemar
- Glêsfezel foar doarp en skoallen
Foar mear ynformaasje: Wiebe Hoekstra, 06-10079680.
De fraksje fan FNP de Fryske Marren hat har foarnaam om meardere kearen per jier in iepen fraksjejûn yn ien fan de plakken fan gemeente De Fryske Marren te hâlden en foarôf ynwenners, ferieningen en oare belanghawwenden hjirfoar út te noechjen. Earder hawwe wy noflike jûnen hân yn Nijemardum (31 maart 2016) en Sint Nyk (21 novimber 2016).
Downloads:
Utnoeging iepen fraksjejûn yn eastersee (pdf)
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP