21-01-2017 - Ynstjoerd stik LC: "it Frysk - klear mei it stinnen"
Chris van Hes hat op persoanlike titel in stik ynstjoerd nei de Ljouwerter Krante. Hjirûnder is de tekst fan Chris nochris nei te lêzen.

05-01-2013 - 'Mear foech en middels foar Fryslân!'
‘It kabinet wol Fryslân opheffe. Mar it ryk moat gewoan syn ferplichtingen neikomme, sa ‘t dat yn it minderhedeferdrach beskreaun stiet.

05-01-2013 - Ultsje Hosper kandidaat foar foarsitterskip FNP
Op de FNP-Nijjiersgearsit op De Lemmer is de kandiaat bekend makke foar it foarsitterskip.

28-12-2012 - Auke Bijlsma fan Terherne op 'e nij Steatelid foar FNP
Auke Bijlsma fan Terherne wurdt mei yngong fan 23 jannewaris Steatelid foar de FNP. Hy folget Anna Martha van der Mei op dy't de Steaten om persoanlike redenen ferlit.

04-12-2012 - FNP: grutte soarch oer risiko's nije 380 kV heechspanningslieding
Greidefûgelgebieten oer de kop en effekten elektromagnetyske fjilden

03-12-2012 - Kampanje foar de Fryske taal as wrâlderfgoed
Oparbeidzjen FNP mei Noardfriezen SSW yn Sleeswyk-Holstein

26-11-2012 - Feestlike sfear op drokke Ledegearkomste FNP
Freedtejûn hawwe de oanwêzige leden op de FNP ledegearkomste yn it Abe Lenstra stadion op it Hearrenfean in boadskip opsteld foar de polityk yn Den Haach: dat Fryslân bestjoerlik bestean bliuwe moat en sil. Dêroer waard in resolúsje oannommen, dy't nei it regear en de Earste en Twadde Keamer stjoerd wurdt.

23-11-2012 - Opinystik Friesch Deiblêd: 'De perfekt opskaalde oerheid'
It folgjende FNP opinystik oer de D66-plannen mei lânsdielen is publisearre as opinystik yn it Friesch Dagblad fan 22 novimber 2012. Us ôfdieling hat dit oernommen fan FNP.nl sadat jo it ek lêze kinne.

22-11-2012 - Súdwest-Fryslân: foarsitter Gerbrandy wurdt boargemaster Achtkarspelen
De gemeenteried fan Achtkarspelen hat woansdei 21 novimber besluten om Germ Gerbrandy (60) by de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oan te trunjen om him foar te dragen ta boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. FNP-Skarsterlân wol Gerbrandy fan herte lokwinskje mei dizze boppeslach.

03-11-2012 - Feestlike Algemiene Ledegearkomste 23 novimber
Us partijblêd 'de Frijbûtser' fan novimber stiet no online mei dêryn ûnder oaren de útnoeging foar de Algemiene Ledegearkomste fan de FNP yn it Abe Lenstra stadion. Komme jo ek?

24-10-2012 - Súksesfolle FNP kaderjûn lytse skoallen
De FNP organisearre op 1 oktober in kaderjûn oer de takomst fan de lytse skoallen yn Fryslân. In opmaat foar it nije FNP ferkiezingsprogram.

21-10-2012 - FAKATUERE trainee EFA-buro Brussel
Lês hjir mear oer de fakatuere yn Brussel. Reagearje foar 5 novimber.

24-06-2012 - Twifels oan arguminten Wetterskip by slûs Terherne
De FNP fraksje yn de Provinsjale Steaten freget har ôf as de feiligens fan Fryslân opoffere wurdt oan de belangen fan it Ryk as nije behearder fan it PM-kanaal?

30-05-2012 - Chris van Hes: Trije talen yn it ûnderwiis: takomst troch taalferskaat
Mear foardielen yn de takomst foar learlingen troch meartalich ûnderwiis. Chris van Hes, studint oan de PABO Meppel en skaadfraksje lid fan FNP-Skarsterlân, hat oer dit ûnderwerp in tige nijsgjirrich artikel opsteld wat jimme hjirûnder lêze kinne:

22-05-2012 - Algemiene Ledegearkomste (ALG) FNP is op 1 juny yn hotel Duhoux, Wurdum
Yn de Frijbûtser (partijblêd FNP) fan april waard de ALG yn Wurdum fan 1 juny 2012 al oankundige. De ALG hat as tema: 'is der noch takomst foar de greidefûgels yn Fryslân?'

Argyf
2019 FNP Fryslân - Disclaimer