08-10-2018 - Johannes van der Pal hâldt op as wethâlder fan gemeente De Fryske Marren
Hjoed, moandei 8 oktober, makke Johannes van der Pal bekend op te hâlden as wethâlder fan gemeente De Fryske Marren. Van der Pal set dêrmei in punt efter in karrière fan 16,5 jier as wethâlder.

01-08-2018 - ‘Mear fûgels troch kij weidzje te litten en sûnder ferplichte ynjeksje’
In ultra koarte gearfetting fan it LC debat ‘Takomst fan de Greide’ lêstendeis yn Ljouwert. De direkte oanlieding foar dit debat wie it ynterview yn de Ljouwerter mei ûndersiker Egbert van der Velde. Dat makke noch al wat los.

01-08-2018 - It beliedskader Sinnefjilden
Der is in soad oer sein en wy ha der lang oer praten, mar yn de lêste ried foar de fakânsje (11 july) ha wy dit beliedskader fêststeld. De FNP is der bliid mei, want it is in praktysk hânfet en de gemeente jout sels stjoer oan wêr’t ‘sinnefjilden’ mooglik binne en hoe’t se ynpast wurde moatte, ensaf.

09-02-2018 - Program 2018
Ús program foar de ferkiezings fan 21 maart 2018 is klear.

18-01-2018 - FNP Fryske Marren giet troch mei deselfde ploech
De FNP yn De Fryske Marren giet mei deselfde riedsploech de ferkiezings yn. "It is goed sa’t it is, der is gjin reden wat te feroarjen’’, seit foarsitter Wouter Wouda.

17-01-2018 - Inisjatyfútstel FNP: fûgelfreonlike maatregels yn de Fryske Marren
De FNP-fraksje De Fryske Marren tsjinnet in Inisjatyfútstel stêdsfûgels yn, earst foar behanneling yn de kommisje Romte fan 17 jannewaris en letter yn de ried. De fraksje wol mei dit inisjatyf berikke dat der foar saneamde stêdsfûgels in better leefmiljeu ûntstiet.

24-12-2017 - Noflike Krystdagen en in sûn en lokkich 2018
It bestjoer, fraksje, skaadfraksje en wethâlders fan FNP De Fryske Marren winskje jo noflike Krystdagen en in sûn en lokkich 2018 ta!

28-11-2017 - Besite fuotbalferiening Renado yn Sint Nyk
Freed 24 novimber is de FNP fraksje op besite west by fuotbalferiening Renado yn Sint Nyk. Dizze fuotbalklup bestiet kommend jier 80 jier, in fuotbalklup mei histoarje.

06-11-2017 - FNP seit: ophâlde mei gemyske bestridingsmiddels
De Provinsje moat it goede foarbyld jaan en ophâlde mei it gebrûk fan omstriden gemyske bestridingsmiddels lykas glyfosaat (RoundUp). Dat stelt de provinsjale fraksje fan de FNP yn mûnlinge fragen oan Deputearre Steaten.

08-07-2017 - FNP DFM kiest foar lytse projekten by Kadernota 2017
Yn Bakhuzen it opwurdearjen fan de Hollewei / Gaastwei en yn Balk in kuierstrook lâns it Tsjamkedykje om de ferkearsfeiligens foar de eigen ynwenners en toeristen te fergrutsjen.

24-03-2017 - Fragen oan Kolleezje oer prestaasje-ôfspraken foar wenningen jongerein
Yn de ôfrûne perioade binne sinjalen by de FNP-fraksje binnen kaam dat jongeren dreech in betelbere hierwenning krije kinne, foaral yn de gruttere kearnen fan ús gemeente.

19-02-2017 - Fragen oan it kolleezje oer nijbou stâlen en weinloads oan de Delbuursterwei yn Sondel
Der hat it ien en oar te dwaan west oer de bou en fergunning-oanfraach fan nije (hinne)stâlen yn Sondel.

15-02-2017 - Iepen fraksjejûn FNP yn Eastersee: 20 febrewaris
Op moandeitejûn 20 febrewaris hâldt de FNP-fraksje in iepen fraksjejûn yn it kafee Tjeukemeer yn Eastersee.

13-02-2017 - Feilige fytsoerstekken N359 Gaasterlân
By Kippenburg en Rûgehuzen is ferlet fan feiliger fytsoerstekken yn de provinsjale dyk. It giet ek om it belang fan toeristysk fytsend Gaasterlân. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de FNP Steatefraksje oan Deputearre Steaten.

27-05-2015 - FNP kiest foar opromjen Campus Wyldemerk
Nei in soarchfâldich proses fan ôfwagen fan foar en tsjin hat de FNP yn de kommisje Romte fan 13 maaie net foar in nije bestimming fan de gebouwen fan Campus Wyldemerk keazen.

Argyf
2019 FNP Fryslân - Disclaimer