De FNP - de Fryske Nasjonale Partij

De FNP, dy't yn 1962 oprjochte is, is in groeiende provinsjale partij wat kiezers en leden oanbelanget. De basis fan de organisaasje leit yn de ôfdielings, dy't neffens de gemeentlike yndieling organisearre binne.

De leden kieze net allinne it ôfdielingsbestjoer en it haadbestjoer, mar beprate en stelle yn ledegearkomsten ek it belied, de begrutting en wat dêr fierder mei te krijen hat, ferkiezingsprograms en de kandidatelisten foar de gemeentlike en provinsjale ferkiezings fêst.

 

De FNP hat in partijhûs, dat yn Ljouwert stiet (sjoch ûnderoan dizze side foar kontaktgegevens). Dat partijhûs makket it mooglik om goede kontakten mei de partij te hawwen. Wat de organisaasje en de administraasje oanbelanget soe de FNP net mear sûnder kinne.

 

Sûnt 1999 hat de FNP mei oare regionale partijen in fertsjintwurdiger yn de Earste Keamer: de OSF (Unôfhinklike Senaats Fraksje). Op dit stuit is dat Kees de Lange út Monnickendam. De FNP docht mei sa'n fjirtich oare regionale politike partijen yn Europa mei oan de EFA (Europeeske Frije Alliânsje).

 

 

Kontakt mei de provinsjale FNP:
Webside: www.fnp.frl

it Partijhûs:
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert
 
Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
 
Tillefoan: 058-2131422
E-post: fnphusfnp.frl

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer