Us FNP ôfdieling

Us FNP ôfdieling is ûntstien út de twa FNP ôfdielingen Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân en de Gemeentebelangen yn Lemsterlân. Sy ha foar de gemeentlike fúzje fan 1 jannewaris 2014 tegearre ôfpraat om yn de nije gemeente 'De Fryske Marren' ien nije FNP-ôfdieling te foarmjen.

Ein 2012 hat in foarriedich bestjoer fan de mienskiplike ledegearkomste it foech krigen om de saken en dan benammen de ferkiezings goed ta te rieden. Mei dat doel binne trije kommisjes ynsteld: de programkommisje, de advyslistkommisje en de p.r.-kommisje. Fierder wurde hurd wurke oan it by de tiid bringen fan de nije hiemside en it útjaan fan in nij nijsblêd. Yn dyselde mienskiplike ledegearkomste wie ôfpraat dat wy fan betinken wienen dat de nije gemeente De Fryske Marren hjitte moatte soe en dêrom brûke wy fan dat stuit ôf dy namme foar ús ôfdieling, hiemside en nijsbrief: FNP De Fryske Marren.

 

De nije ôfdieling wurde foarme fan sa'n hûnderttritich leden, sechstich steunleden/stipers en in tal lêzers. Fan 2013 ôf hienen wy yn de trije eardere gemeenten (Lemsterland, Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân) yn totaal fyftjin riedsleden en fjouwer wethâlders, om't de lêste kear sa'n 7000 minsken yn de trije gemeenten op ús stimd hienen. Dat is sa'n tritich persint fan de stimmen!

 

Mei de ferkiezingen fan novimber 2013 kamen wy ta mar leafst 9 riedsleden en foarmden tegearre mei it CDA de koalysje; elke partij krige twa wethâlders yn it kolleezje. Mei twa wethâlders en njoggen riedsleden stienen wy der sterk foar yn De Fryske Marren. Dêr kaam yn oktober 2015, sûnder ferkiezingen te hâlden, sels noch in tsiende riedslid by! Remboud van Iddekinge fan de NPP (Nieuw Politiek Peil) hie yn oerlis mei ús fraksje besluten om him by de FNP oan te sluten. 

 

By de ferkiezingen fan maart 2018 kamen wy ta 7 riedsleden, ien minder dan de grutste partij (it CDA). Ut de koalysje-ûnderhannelingen is in koalysje ûntstean fan CDA (8 riedsleden), FNP (7 riedsleden) en VVD (4 riedsleden). It CDA en de FNP ha twa wethâlders en de VVD hat ien wethâlder yn it kolleezje fan B&W sitten. 

 

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer