Koarte skiednis fan de FNP De Fryske Marren

Fan fiif nei ien gemeente

De skiednis fan de gemeentlike FNP-ôfdieling yn de Fryske Marren begjint yn de fiif eardere gemeenten Doanjewerstal, Haskerlân, Lemsterlân, Gaasterlân en Sleat. Troch in gemeentlike weryndieling mei yngong fan 1982 bliuwden fan dizze fiif gemeenten noch trije oer: Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterland. Skarsterlân krige der mei Terkaple-Eagmaryp noch in stikje Utingeradiel by en Gaasterlân-Sleat mei Kolderwolde, Aldegea en Ealahuzen in stik fan it eardere Himmelumer-Aldefurd.

 

Yn Doanjewerstal en yn Haskerlân die de FNP foar it earst mei de riedsferkiezing mei yn 1970. Yn Haskerlân slagge it doe krekt net, mar yn Doanjewerstal kaam Meint Postma fan Sint Nyk as earste FNP-er yn de ried fan 13 persoanen en mei 208 fan de 2.577 stimmen.

Yn 1974 waard flink trochsetten. Yn Doanjewerstal gong de FNP fan 1 nei 3 sitten en yn Haskerlân slagge it no ek en kaam Jan Hettinga as earste FNP-er yn de gemeenteried fan 15 persoanen en mei 584 fan de 6.740 stimmen. De grutte winst yn Doanjewerstal hie ta gefolch dat Meint Postma dêr yn 1975 de jongste wethâlder fan Fryslân wurden is. Dy winst wie boppe-al te tankjen oan de dúdlike aksjes fan de FNP tsjin de grutskalige rekreaasjeplannen yn Langwar en de Tsjûkemar en tsjin de yllegale praktiken op it stoart yn Ousterhaule.

Yn 1978 wûn de FNP yn Doanjewerstal noch in sit mei 26,7% fan de stimmen. Dy ekstra sit waard lykwols yn 1982 wer ynlevere. Yn Haskerlân bleau it beide kearen by ien sit mei 7% fan de stimmen yn 1982.

En doe kaam Skarsterlân.

Yn beide âlde gemeenten wie de FNP net foar de weryndieling. Mar de grutte mearderheid fan de rie fan Haskerlân wie der wol foar en it waard fan boppe-ôf ek stevich trochset. Dus wiene der yn novimber 1983 ferkiezings foar de nije ried fan Skarsterlân. Yn goede gearwurking waarden de twa FNP-ôfdielings omfoarme ta FNP-Skarsterlân. Der kaam in nij FNP-program en in folder mei in wikseljend stik tekst foar kriten yn de nije gemeente. Resultaat wie 10,9% fan de stimmen en 2 sitten yn de nije ried fan 19 persoanen. Der diene mar 4 partijen mei en der wie doe noch in grut oerwicht fan CDA en PvdA mei 8 en 7 sitten, mei dêrnjonken VVD en FNP mei beide 2.

Yn 1986 feroare der neat yn it tal sitten. Yn 1990 wie der in lytse ferskowing fan 1 sit fan de PvdA nei it CDA. De FNP wûn wol yn tal stimmen mei 13,3%. Dat kaam sûnder mis troch it dúdlike ferset fan de FNP tsjin it grutte hotelplan by de Tsjûkemar.

Grutte slach yn 1994

Yn 1994 feroare der aardich wat yn Skarsterlân. Troch de groeiende gemeente gong de ried fan 19 nei 21 riedsleden. D66 en RPF (letter Chr.Unie) diene foar it earst mei en krigen 2 en 1 sit. Mar de grutste slach makke de FNP, dy gong fan 2 nei 4 sitten mei 17,5% fan de stimmen. It ferlies siet by CDA (2) en PvdA (1). Yn de ferkiezingsstriid spile it plan foar in Megapark yn de Haskerfeanpolder. Op 14 april 1993 hie de ledegearkomste fan de FNP in dúdlik nee útsprutsen. De FNP hie wat jierren earder wol hiel posityf meiwurke oan it Businesspark as mienskiplik plan fan Skarsterlân en It Hearrenfean. Mar de hiele Haskerfeanpolder tusken Aldehaske en De Jouwer fol bouwe wie yn striid mei it FNP-idee oer romtlike oardering. Troch de dúdlike winst kaam de FNP ek foar it earst yn Skarsterlân yn it kolleezje fan B&W yn de persoan fan Jan Hettinga fan Aldehaske.

De FNP waard dus ‘bestjoerderspartij'. Yn de beide folgjende ferkiezings fan 1998 en 2002 hat dat de FNP gjin skea dien. Beide kearen wie der winst: yn 1998 nei 19,4% en en yn 2002 nei 21%. Dat levere krekt gjin ekstra sit op en ek de oare partijen bliuwden gelyk. By de kolleezjefoarming gong it foar de FNP wol mis. Troch hantsjebakken tusken CDA, PvdA en VVD waard FNP-er Ronny de Vries as bedoelde opfolger fan Jan Hettinga bûten it kolleezje hâlden.

Yn 2006 gong de FNP de ferkiezings yn mei de gjalp ‘jou ús de fiif' en dat slagge mei 22,9% fan de stimmen. Troch de winst fan de PvdA (fan 5 nei 7) kaam der lykwols wer in âlderwetsk kolleezje fan CDA-PvdA, hoewol it CDA, krekt as VVD en D66 ien sit ferlearen.

Grutste partij yn 2010

De ferkiezings fan 2010 brochten foar de FNP in hystoaryske stap: foar it earst waarden se de grutste partij yn Skarsterlân mei 33,9% fan de stimmen en fan 5 nei 7 riedsleden. En no wie de PvdA de grutte ferliezer fan 7 nei 4 sitten en foel út it kolleezje. It twadde bjusterbaarlike feit wie dat de FNP foar it earst yn de Fryske Marren en unyk yn Fryslân, 2 wethâlders krige yn de persoanen fan Jan Benedictus (liend út Achtkarspelen) en Durk Durksz.

Op ‘e nij hie de FNP him jilde litten as beskermer fan de iepen romte troch fûl ferset tsjin in hotel-appartemintenplan by de Langwarder Wielen en in grut campingplan by it Nannewiid. Dat waard dus dúdlik troch de kiezers beleane. En in pear dagen nei de ferkiezingsútslach wie it campingplan al fan tafel.

  

Gaasterlân en Sleat

Yn Gaasterlân begûn de FNP ek yn 1970 en mei 207 stimmen kaam frou W. Spoelstra fan Bakhuzen yn de ried. Yn 1974 wûn de FNP in sit, mar dy gong yn 1978 wer ferlern en ek 1982 bleau it ien sit.

Yn de lytse gemeente Sleat die de FNP foar it earst yn 1978 mei en kaam doe fuort twa sitten.

Op 1 jannewaris 1984 kaam doe Gaasterland-Sloten, yn 1985 feroare yn Gaasterlân-Sleat. Mei de earste ferkiezingen foar dizze nije gemeente helle de FNP mei 13,5% twa sitten: Sibbele Haarsma út Wikel waard wethâlder en Kees de Groot út Sleat riedslid.

By de ferkiezings fan 1986 ferlear de FNP ien sit, mar dy waard yn 1990 werom wûn. En yn 1994 sette dat troch nei 4 sitten. Dy winst wie mei te tankjen oan it geharrewar tusken boargemaster Pitlo en FNP-er Folmer. Pitlo hie him sels in kear it swijen oplein en syn mikrofoan út dien. Mar yn it FNP-fermidden gong it ek net sa noflik. W. Akkerman wie wethâlder wurden, mar koartsluting tusken wethâlder en fraksje waard oanlieding foar Akkerman om him werom te lûken. Yn 1998 ferlear de FNP dan ek in sit en yn 2002 en 2006 bliuwde it by trije riedsleden. Mar doe kaam de grutte klap yn 2010. De FNP waard de grutste partij en gong nei 5 riedsleden. Boppedat kaam de FNP yn it kolleezje mei in wethâlder fan bûten: Bram Bonnema fan Frjentsjer.

 

Lemsterlân

Lemsterlân hat in hiele beskieden skiednis wat de FNP oanbelanget. De FNP hat mar ien kear mei dien oan de riedsferkiezingen, dat wie yn 1986 en helle doe 2,1 %. Der wie ek in partij Gemeentebelangen, dy helle doe 10,5% en 2 sitten fan de 15. Dat bleau sa yn 1990 en 1994, mar yn 1998 ferlear se krekt ien sit mei 9,5% fan de stimmen. Yn 2002 kaam de grutte sprong foarút nei 20% en 3 riedsleden. Dat bleau sa yn 2006 lyts ferlies, mar yn 2010 waard Gemeentebelangen de grutste partij mei 23% en 4 riedsleden en Johannes van der Pal as wethâlder.

 

En doe nei De Fryske Marren

Underwilens wie in nije gemeentlike weryndieling yn gong setten. Dêr rûgele as bêste mooglikheid út de kombinaasje fan Skarsterlân mei Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân plus noch Terherne fan Boarnsterhim. De nije gemeente sette útein op 1 jannewaris 2014 en dus wiene der ferkiezings al yn novimber 2013. Bestjoerlik wie der al moai wat wurk ferset om ta in nije FNP-ôfdieling te kommen. Yn Lemsterlân wie gjin FNP, mar al gau die bliken dat Gemeentebelangen aardich ticht by de FNP stie. De gearwurking kaam rûn en sa ûntstie in nije FNP De Fryske Marren, basearre op de grutste partij yn alle trije âlde gemeenten. Grutte spanning wie hoe't soks útpakke soe, foaral yn Lemsterlân. Mar de útslach wie poerbêst. De FNP waard wer de grutste partij yn ‘De Friese Meren', mei 28,5% fan de stimmen en 9 sitten fan 31. It CDA helle 8 sitten en foarme mei de FNP it kolleezje fan 4 persoanen: foar de FNP no Durk Durksz en Johannes van der Pal, dy't earder wethâlder yn Lemsterlân wie. De FNP hie as betingst dat der in frysktalige gemeentenamme komme soe en dêr gong it CDA doe al gau yn mei. Fan july 2015 ôf wie de offisjele gemeentenamme 'De Fryske Marren'. Yn oktober 2015, dus midden yn de riedsperioade, gong de FNP sels fan 9 nei 10 sitten fan de yn totaal 31 riedssitten; Remboud van Iddekinge (earder NPP) slute him yn goed oerlis as riedslid oan by de FNP fraksje.

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer