25-02-2019 - Wurkbesites nei 2017
De wurkbesites fan 2018 ôf binne ûnder de algemiene nijs-berjochten te finen.

27-11-2017 - Wurkbesite oer behâld fan jeugd- en jongerensintrum De Wissel Sint Nyk
Moandei 20 novimber wiene de riedsleden útnûge foar in wurkbesite oan De Wissel. Dêr waard troch in wurkgroep ‘Behoud van De Wissel te Sint Nicolaasga’ in presintaasje hâlden omtrint de plannen ta renovaasje fan dit histoarysk pand.

20-11-2017 - Op wurkbesite by DMT Environmental Technology op 'e Jouwer
Wy gean as FNP fraksje wol gauris by in doarp/stêd, ferieniging, projekt of bedriuw op besite. De trigger om nei DMT ta te gean wie in artikel yn in bylage by de Ljouwerter Krante yn septimber 2017. Foaral de opmerking ‘onbekend maakt onbemind’.

12-06-2016 - Wurkbesite oan Teatertún Riis
FNP-fraksje De Fryske Marren brocht freed 10 juni in wurkbesite oan de Teatertún yn Riis. It leit ferskûle tusken de bosken fan it moaie Gaasterlân.

29-02-2016 - Balk Foarút – FNP fraksje De Fryske Marren op besite yn Balk
‘Pleatslik Belang Balk pakt leechstân yn sintrum oan.’ In reden foar de FNP fraksje om ris yn Balk te sjen en mei Pleatslik Belang te praten. Dat ha wy dien op freed 19 febrewaris.

24-04-2015 - Wurkbesite: Duorsume boeren yn soarten
Freed 18 april 2015 hat in moaie groep FNP'ers fan De Fryske Marren op wurkbesite west by de boeren Westra yn Aldemardum en Gerritsma yn Ealahuzen. Ek sa rekket de FNP op ‘e hichte fan in grut ferskaat oan saken yn ús gemeente. Dat beide boeren prizen wûn hiene foar duorsum buorkjen wie in goede oanlieding. Beide boeren buorkje duorsum, mar wat in ferskil.

15-02-2015 - FNP-wurkbesite AVK Plastics Nederlân yn Balk
De FNP-fraksje De Fryske Marren hat op freedtemoarn 6 febrewaris 2015 mei seis minsken by AVK Plastics yn Balk op wurkbesite west. De FNP wol op ‘e hichte wêze fan hoe’t it om en ta giet yn de bedriuwen yn ús gemeente en wat de plannen fan dy bedriuwen binne.

19-01-2015 - Fundearringsproblemen oplosse yn feangreidegebiet
FNP komt mei moasje yn Steaten. Mei nei oanlieding fan dizze problematyk bringe de FNP fraksjes fan de Steaten en fan gemeente De Fryske Marren in besite oan Ychten, Eastersee en omkriten.

17-11-2014 - FNP op wurkbesite by koeke- en breabakkers oan ‘e Streek
De FNP-fraksje De Fryske Marren hat op freedtemiddei 14 novimber op wurkbesite west by Modderman yn Rotsterhaule (koeke en pipernuten) en Van Dijk yn Sint Jânsgea (brea). Beide bedriuwen hawwe te krijen mei bouplannen en ferbouwen en dus mei de gemeente.

08-02-2014 - Op wurkbesite nei Plantein op ‘e Lemmer
Op freedtemiddei 7 febrewaris hat de FNP-fraksje op wurkbesite west nei de eins noch nije lytsskalige lokaasje fan soarchwenten fan Plantein op ‘e Lemmer. De njoggen FNP’ers waarden ûntfongen en bypraat troch Sietske Gijzen-Deinum, de teamlieder fan de soarchwenten yn Balk en ’e Lemmer.

02-12-2013 - Werkbezoek aan It Toanhûs te Joure
Op 28 november zijn we op werkbezoek in It Toanhûs geweest. Een gebouw met vele kamers en een groot aanbod aan activiteiten.

27-10-2013 - Wurkbesite oan it soarchsintrum Talma Hiem yn Balk (ûnderdiel fan Hof en Hiem)
In tige wolkom troch lokaasjemanager Dhr. Han Holland en team/soarchliedster Elske Woudstra. Sy setten dúdlik útien wat Talma Hiem docht/bied en hokker organisaasjes der mear falle ûnder Hof en Hiem.

16-10-2013 - Wurkbesite FNP De Fryske Marren oan stifting Moadefakskoalle Bakhuzen
It stiftingsbestjoer fan de Moadefakskoalle yn Bakhuzen hie de riedsleden fan ús nije te foarmjen gemeente De Fryske Marren útnoege om op freed 11 oktober del te kommen. FNP De Fryske Marren makke dêr graach gebrûk fan.

06-10-2013 - FNP-wurkbesite oan ûndernimmersferiening De Lemmer
Freed 27 septimber hat de FNP De Fryske Marren y.o. fraksje foar in wurkbesite nei de Lemmer ta west. Hjirûnder in koart ferslach fan wat der dy dei bepraten is.

05-07-2013 - Wurkbesite FNP/GB oan Maeykehiem yn Sint Nyk
Op freed 28 juny hat in grut part fan FNP/GB-fraksje De Fryske Marren op wurkbesite nei Maeykehiem ta west.

Argyf
2023 FNP Fryslân - Disclaimer